
======================================================================
LibreOfficeDev 26.2 Lêsmy
======================================================================


Foar de lêste fernijingen fan dit readme triem , sjoch https://git.libreoffice.org/core/tree/master/README.md

Dizze triem befettet wichtige ynformaasje oer it LibreOfficeDev software. Der wurdt jo oanret om dizze ynformaasje mei soarch te lêzen foardat jo mei de ynstallaasje úteinsette.

De LibreOfficeDev mienskip is ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan dit produkt, en nûget jo út om te oerwagen om mei de dwaan as lid fan de mienskip. As jo in nije brûker binne, dan kinne jo de webstee fan LibreOfficeDev besykje, wêr jo ynformaasje fine kinne oer it LibreOfficeDev projekt en de mienskippen der omhinne. Gean nei https://www.libreoffice.org/.

Is LibreOfficeDev wier foar elkenien fergees te brûken?
----------------------------------------------------------------------

LibreOfficeDev is fergees troch elkenien te brûken. Jo meie dizze kopy fan LibreOfficeDev oannimme en it ynstallearje op safolle kompjûter as jo wolle, foar alle doeleinen meie jo it ek brûke (ynklusyf kommersjeel, oerheid, publyk bestjoer en ûnderwiis). Foar mear details sjoch de tekst fan de lisinsje dy't mei dizze ynlaad fan LibreOfficeDev levere is.

Wêrom is LibreOfficeDev fergees foar elke brûker?
----------------------------------------------------------------------

Jo kinne dizze kopy fan LibreOfficeDev gehiel fergees brûke omdat yndividuele meidoggers en sponsoren, LibreOfficeDev ûntwurpen, test, oerset, dokumintearre, stypje, en op de merk sette en op in soad oare manieren sadat it no is wat it is - de yn de wrâld meast foaroansteande Iepen Boarne produktiviteit software foar hûs en kantoar.

If you appreciate their efforts, and would like to ensure that LibreOfficeDev continues to be available far into the future, please consider contributing to the project - see https://www.libreoffice.org/community/get-involved/ for details. Everyone can make a contribution of some kind.

----------------------------------------------------------------------
Taljochtingen by de ynstallaasje
----------------------------------------------------------------------

LibreOfficeDev fereasket in resinte ferzje fan Java Runtime Environment (JRE) om folslein te funksjonearjen. JRE is gjin ûnderdiel fan it LibreOfficeDev ynstallaasje pakket, en moat apart ynstallearre wurde.

Systeem fereasken
----------------------------------------------------------------------

As algemiene rigel, wurdt it oanret om LibreOfficeDev te ynstallearjen fia de ynstallaasjemetoaden dy't oanrekommandearre wurde troch jo Linux Distribúsje (lykas it Ubuntu Software Center, by Ubuntu Linux). Dit is omdat it gewoanwei de ienfâldichste manier is om jo ynstallaasje te krijen dy't optimaal yn jo systeem yntegrearre is. Ek kin it wêze dat LibreOfficeDev al standert ynstallearre is op jo systeem as jo, jo orizjinele Linux bestjoerringssysteem ynstallearret.

Dit "lossteand" ynstallaasjeprogramma LibreOfficeDev wurdt ferskaft foar brûker dy previews nedich ha, of spesjale noed en foar de net gewoane gefallen.

* Linux Kernel version 4.18 or higher;
* glibc2 version 2.27 or higher;
* FreeType ferzje 2.8.0 of heger;
* GTK version 3.24 and ATK version 2.36 or higher;
* GNOME, or another compatible desktop environment (such as KDE Plasma, among others).

There is a wide variety of Linux distributions, and there may be different installation options (KDE vs GNOME, etc.) available from the same Linux vendor. Some distributions ship with their own “native” version of LibreOfficeDev, which may have different features from this community-supplied version of LibreOfficeDev. In many cases, you can install the community-supplied LibreOfficeDev alongside a native version. However, you may prefer to remove the “native” version before installing this community-supplied version. For details on how to do that, please consult the user help resources provided by your particular Linux vendor.

It wurd oanrekommandearre om der in goede gewoante fan te meitsjen om in reservekopy te meitsjen fan jo systeem foardat jo software wiskje of ynstallearje.

Wês der wis fan dat jo genôch frije ûnthâld ha yn de tydlike map op jo systeem, en dat jo foech ha om hjiryn te skriuwen, te lêzen en út te fieren. Slút alle oare programma's ôf foardat jo mei de ynstallaasje úteinsette.

Ynstallaasje fan LibreOfficeDev op Debian/Ubuntu basearre Linux systemen
----------------------------------------------------------------------

Foar ynstruksjes om in taal pakket te ynstallearjen (neidat jo de US Ingelske ferzje fan LibreOfficeDev), lês de seksje hjirûnder mei as titel In taalpakket ynstallearje.

When you unpack the downloaded archive, you will see that the contents have been decompressed into a sub-directory. Open a file manager window, and change directory to the one starting with "LibreOfficeDev_", followed by the version number and some platform information.

Dizze map befettet in sub-map neamd "DEBS". Feroarje de map nei de map "DEBS".

Rjochts klikke yn de map en kies "Iepenje yn in Terminal". Der iepenet in terminal finster. Op de opdrachtrigel fan it terminal finster fiere jo de folgjende opdracht yn (Jo sille frege wurde om it wachtwurd fan de root yn te fieren foardat de opdracht útfierd wurdt):

The following commands will install LibreOfficeDev and the desktop integration packages (you may just copy and paste them into the terminal screen rather than trying to type them):

sudo dpkg -i *.deb

It ynstallaasje proses is no foltôge, en jo soenen ikoanen moatte ha foar alle de LibreOfficeDev programma's yn it menu Toepassingen/Kantoar fan jo buroblêd.

Ynstallaasje fan LibreOfficeDev op Fedora, openSUSE, Mandriva en oare Linux systemen brûke RPM pakketten
----------------------------------------------------------------------

Foar ynstruksjes om in taal pakket te ynstallearjen (neidat jo de US Ingelske ferzje fan LibreOfficeDev), lês de seksje hjirûnder mei as titel 'In taalpakket ynstallearje'.

When you unpack the downloaded archive, you will see that the contents have been decompressed into a sub-directory. Open a file manager window, and change directory to the one starting with "LibreOfficeDev_", followed by the version number and some platform information.

Dizze map befettet in sub-map neamd "RPMS". Feroarje de map nei de "RPMS" map.

Rjochts klikke yn de map en kies "Iepenje yn in Terminal". Der iepenet in terminal finster. Op de opdrachtrigel fan it terminal finster fiere jo de folgjende opdracht yn (Jo sille frege wurde om it wachtwurd fan de root yn te fieren foardat de opdracht útfierd wurdt):

Foar Fedora basearre systemen: sudo dnf install *.rpm

Foar Mandriva basearre systemen: sudo urpmi *.rpm

Foar oare RPM basearre systemen (openSUSE, ensfh.): rpm -Uvh *.rpm

It ynstallaasje proses is no foltôge, en jo soenen ikoanen moatte ha foar al de LibreOfficeDev programma's yn it menu Toepassingen/Kantoar fan jo buroblêd.

As alternatyf, kinne brûkme meitsje fan it 'ynstallaasje' skript, dat te finen is yn de heechste map fan dit argyf om in ynstallaasje te dwaan as brûker. De skript sil LibreOfficeDev opsette mei in eigen profyl foar dizze ynstallaasje, skieden fan jo normale LibreOfficeDev profyl. Tink derom dat dit net de systeem yntegraasje ûnderdielen ynstallearret lykas de buroblêd menu items en buroblêd MIME-type registraasjes.

Taljochtingen oer buroblêd yntegraasje foar Linux distribúsjes dy Net dekt wurde yn de boppesteande ynstallaasje ynstruksjes
----------------------------------------------------------------------

It soe maklik wêze moatte om LibreOfficeDev te ynstallearjen op oare Linux distribúsjes dy net spesifyk opnaam binne yn dizze ynstallaasje ynstruksjes. It haad aspekt wêrby jo ferskillen kin tsjinkomme is buroblêd yntegraasje.

The RPMS (or DEBS, respectively) directory also contains a package named libreofficedev26.2-freedesktop-menus-26.2.0.1-1.noarch.rpm (or libreofficedev26.2-debian-menus_26.2.0.1-1_all.deb, respectively, or similar). This is a package for all Linux distributions that support the Freedesktop.org specifications/recommendations (https://en.wikipedia.org/wiki/Freedesktop.org), and is provided for installation on other Linux distributions not covered in the aforementioned instructions.

In taal pakket ynstallearje
----------------------------------------------------------------------

Laad it taal pakket yn foar de troch jo winske taal en platfoarm. Se binne beskikber op deselde lokaasje as it haad ynstallaasje argyf. Mei de triembehearder Nautilus pakke jo it ynladen argyf út yn in map (Bygelyks jo buroblêd). Besjoch of alle LibreOfficeDev programma's ôfsluten binne (ynklusyf Fluchstarter, as dizze úteinsetten is).

Feroarje de map nei de map wêryn jo it ynladen taal pakket útpakt ha.

Now change directory to the directory that was created during the extraction process. For instance, for the French language pack for a 32-bit Debian/Ubuntu-based system, the directory is named LibreOfficeDev_, plus some version information, plus Linux_x86_langpack-deb_fr.

Feroarje no de map nei de map dy it ynstallaasje pakket befettet. Op Debian/Ubuntu basearre systemen is de map DEBS. Op Fedora, Suse of Mandriva systemen is de map RPMS.

Fanút de Nautilus triembehearder, rjochts klik yn de map en kies de opdracht "Iepenje yn terminal". Yn de terminal finster dy't jo krekt iepene ha, fiere jo de opdracht út om it taal pakket te ynstallearjen (mei alle ûndersteande opdrachten, kin der frege wurde om it wachtwurd fan de root yn te fieren):

Foar Debian/Ubuntu basearre systemen: sudo dpkg -i *.deb

Foar Fedora basearre systemen: su -c 'dnf install *.rpm'

Foar Mandriva basearre systemen: sudo urpmi *.rpm

Foar oare RPM basearre systemen (openSUSE, ensfh.): rpm -Uvh *.rpm

Now start one of the LibreOfficeDev applications - Writer, for instance. Go to the Tools menu and choose Options. In the Options dialog box, click on "Languages and Locales" and then click on "General". Dropdown the "User interface" list and select the language you just installed. If you want, do the same thing for the "Locale setting", the "Default currency", and the "Default languages for documents".

Nei it oanpassen fan dizze ynstellingen, klik op Okee. It dialoochskerm sil ôfslute en jo sjogge in ynformaasje berjocht dy't jo ferteld dat jo oanpassingen allinne aktivearre wurde sille neidat jo LibreOfficeDev ôfslute en op 'e nei úteinsetten ha (tink derom om ek de fluchstarter te sluten as dizze start is).

De folgjende kear as jo LibreOfficeDev starte, sille dizze úteinsette yn de taal dy't jo krekt ynstallearre ha.

----------------------------------------------------------------------
Swierrigens ûnder it úteinsetten fan programma
----------------------------------------------------------------------

Swierrigens by it úteinsetten fan LibreOfficeDev (lykas programma's dy't fêst rinne) ek swierrigens mei de skerm werjefte wurdt faaks feroarsake troch it stjoerprogramma fan de grafyske kaart. As dizze swierrigens barre, fernij dan it stjoerprogramma fan jjo grafyske kaart of besykje it grafyske stjoerprogramma te brûken dat by jo bestjoeringssysteem levere is.

----------------------------------------------------------------------
Fluchtoetsen
----------------------------------------------------------------------

Allinne fluchtoetsen (toets kombinaasjes) dy net brûkt wurde kin troch it bestjoeringssysteem yn LibreOfficeDev. As in toets kombinaasje yn LibreOfficeDev net wurket lykas beskreaun yn de help fan LibreOfficeDev, kontrolearje dan of dy fluchtoets net al brûkt wurdt troch it bestjoeringssysteem. Jo kinne de troch jo systeem tawiisde toetsen feroarje om sokke konflikten op te lossen. As alternatyf kinne jo hast elke tawizing fan toetsen yn LibreOfficeDev feroarje. Foar mear ynformaasje oer dit ûnderwerp sjogge jo yn de help fan LibreOfficeDev of de Help dokumintaasje fan jo bestjoeringssysteem.

----------------------------------------------------------------------
Triem beskoatteljen
----------------------------------------------------------------------

Triem beskoatteljen is standert ynskeakele yn LibreOfficeDev. Op in netwurk dy de Network File System (NFS) brûkt, moat de daemon foar beskoatteljen fan NFS kliïnten aktyf wêze. Om it triem beskoatteljen út te setten, bewurkje de soffice skript en feroarje de rigel "export SAL_ENABLE_FILE_LOCKING" nei "# export SAL_ENABLE_FILE_LOCKING". As jo it triem beskoatteljen útsette, sil de skriuw tagong fan in dokumint net beheind wêze ta de brûker dy it dokumint as earste iepenet.

----------------------------------------------------------------------
Grafyske prestaasjes
----------------------------------------------------------------------

Standert sil LibreOfficeDev de foarkar ha oan moai útsjende printsjes oer fluggens. As jo in fertraging sjogge by ôfbyldingen, kin it útskeakeljen fan 'Ark - Opsjes - LibreOfficeDev - Werjefte - Antialiasing brûke' helpe.

----------------------------------------------------------------------
Wichtige taljochtingen oer tagonklikens
----------------------------------------------------------------------

Foar mear ynformaasje oer de tagonklikens mooglikheden yn LibreOfficeDev, sjoch https://www.libreoffice.org/accessibility/

----------------------------------------------------------------------
Brûkers stipe
----------------------------------------------------------------------

The main support page offers various possibilities for help with LibreOfficeDev. Your question may have already been answered - check the Community Forum at https://ask.libreoffice.org/ or search the archives of the 'users@libreoffice.org' mailing list at https://www.libreoffice.org/lists/users/. Alternatively, you can send in your questions to users@libreoffice.org. If you like to subscribe to the list (to get email responses), send an empty mail to: users+subscribe@libreoffice.org.

Besjoch ek it diel Faaks Frege Fragen the LibreOffice website.

----------------------------------------------------------------------
Brekken & swierrigens rapportearje
----------------------------------------------------------------------

Us systeem foar it melden, folgjen en oplossen fan brekken is op it stuit BugZilla, hosted op https://bugs.documentfoundation.org/. Wy trúnje al ús brûkers oan om brekken,dy har foardogge op beskate platfoarms, te melden. Energetyske rapportaazje fan brekken is ien fan de wichtichste bydragen dy de brûkers mienskip leverje kin oan de fierdere ûntwikkeling en ferbettering fan LibreOfficeDev.

----------------------------------------------------------------------
Wurdt belutsen
----------------------------------------------------------------------

De LibreOfficeDev mienskip soe in soad profitearje kinne fan jo aktive partisipaasje yn de ûntwikkeling fan dit wichtich iepen boarne projekt.

As in brûker binne jo al in weardefol ûnderdiel fan it ûntwikkeling proses fan it pakket en wy wolle jo oantrúnje om in noch aktivere rol yn te nimmen om op in langere termyn in bydrage te jaan oan de mienskip. Doch mei en besjoch de side oer de bydragen op de LibreOffice webstee.

Hoe te begjinnen
----------------------------------------------------------------------

De bêste manier om mei it bydragen te begjinnen is om yn te skriuwen by ien of mear ferstjoerlisten, en folgje dissen foar in tiid om fertroud te reitsjen mei de ferskate ûnderwerpen dy, sûnt de boarnekoade fan LibreOfficeDev útkaam is yn oktober 2000, behannele is. Wannear jo fertroud fiele, kinne jo in e-post stjoere wêryn jo je foarstelle en begjin kalm oan. As jo fertroud binne mei Iepenboarne projekten, sjoch dan ris op de Takenlist en sjoch of der wat is wêrmei jo helpe wolle op the LibreOffice website.

Ynskriuwe
----------------------------------------------------------------------

Hjir binne in pear ferstjoerlisten wêr jo op ynskriuwe kinne op https://www.libreoffice.org/get-help/mailing-lists/

* Nijs: announce@documentfoundation.org *oanrekommandearre oan alle brûkers* (bytsje ferkear)
* Wichtichste brûkerslist: users@global.libreoffice.org *maklik manier om diskusjes te folgjen* (soad ferkear)
* Marketing projekt: marketing@global.libreoffice.org *faorby ûntwikkeling* (yn it ingelsk, wurdt drokker)
* Algemiene list foar ûntwikkelders: libreoffice@lists.freedesktop.org (soad ferkear)

Meidwaan mei ien of mear projekten
----------------------------------------------------------------------

Jo kinne wichtige bydragen dwaan oan dit iepenboarne projekt, sels as jo beheinde of gjin ûnderfining ha mei software ûntwerp of kodearring. Ja jo!

Wy hoopje dat it wurkjen mei de nije LibreOfficeDev 26.2 jo befalt en by ús oanslute op it ynternet.

De LibreOffice mienskip

----------------------------------------------------------------------
Brûkte / Oanpaste boarnekoade
----------------------------------------------------------------------

Part Copyright 1998, 1999 James Clark. Part Copyright 1996, 1998 Netscape Communications Corporation.